Wêrom kin literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, joech op 16 maart it antwurd yn in lesprogramma foar de boppebou op HAVOtop yn Burgum. It wie in optreden én in les ynien. Op tagonklike en humoristyske wize fertelde Nyk syn (foar in grut part eigen) ferhaal; oer syn eigen wille en ûnwissens yn syn middelbere skoalletiid, oer fereale wêzen en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren sels mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam. It optreden waard jûn foar de learlingen fan klasse 4 en 5 mei Frysk yn harren pakket. It wiene twa weardefolle gearkomsten. Tank dêrfoar Nyk.